Wolkom yn Eagum & Idaerd
Babyboom te Idaerd PDF Afdrukken E-mail
  
donderdag, 03 mei 2012 17:31

Yn Idaerd is in babyboom.

Yn 10 dagen tiid is it ynwenner oantal groeit mei mear dan 2%.

Opfallend is ek dat de letter F. as foarletter hiel populair is.

23 april is Fimme Gerrit berne. Hy is in soan fan Bettien en Frederik.

1 maaije is Femke berne. Sy is de twadde fan Inge en Boele. En suske fan Jelle.

Op in ynwenner tal faan noch gjin 100 minsken binne 2 poppen wol hast in babyboom te neamen.

:-)

 

Wy winskje de bern en harren heit en mem in noflike, leuke tiid ta en sûnens foar de takomst.

Laatst aangepast ( vrijdag, 04 mei 2012 11:01 )
 
En er was licht PDF Afdrukken E-mail
  
zaterdag, 07 april 2012 19:47

As jo jûns mei de bus moasten hawwe jo it grif sjoen.

Of better sein, jo seagen neat.

It klinkt kriptysk, mar de lantearne peallen nei it fiadukt wiene jûns allegearre út.

En ek boppe op "de bult". Nei wat tillefoantsjes en wat hinne en wer.

Wachtsje op resultaat.

 No in dei as 2 letter, sjoch ik ta it efterrút út en sjoch....... sjoch dat der wer ljocht barnd.

No kin elk op jûn tiid wer feilig by it fiadukt wei nei Idaerd te rinne / fytse.

 

En omdat ik dochs oan it beljen slein wie binne ek de ûnsljochte trottoirs en ferridien dielen fan de Friesmawei troch joun.

Noch efkes en dan is it hjir krekt it paradys. :-)

 

 
Foar nimmen PDF Afdrukken E-mail
  
woensdag, 14 maart 2012 23:43

Dizze wike hat Pleatslik Belang Eagum-Ideard en Hoflân, op in ynformaasje jûn mei de Gemeente

te hearen krigen dat nei de bouvak útein setten wurd mei it baggerjen fan de Krommesleat (idaerder opfeart)

en de Eagumer op feart. Details hawwe wy net kriigen.

Fjirder binne op dizze jûn ek de kniepe punten oan joun oangeande efterstallich ûnderhald oan sportfjilden, rioel, dyken en bregen.

Mei nammen de dyk, Idaerd - Eagum-Wergea (grutte Mar) is oanmurken om jild foar beskikber te stellen foar de ferbettering.

Ek de bregen fan Idaerd, Eagum en grutte Mar stean beskreaun as hege prioriteit.

Foar de bregen moat de inspecteur fan it ryk noch besjen, as en hoefolle jild, hy der foar "needsaklik"

ûnderhâld beskikber stellt. Wy binne bliid dat de steat fan dizze dyken en brege ûnderkind binne,

en wy hoopje dat der gau út ein setten wurde kin mei de ferbettringen. Wy wachtsje ôf.

 

Freonlik groetsjend,

Frederik van Dijk

Pleatslik Belang

 
7 doarpen toertocht Super! ferroun PDF Afdrukken E-mail
  
woensdag, 08 februari 2012 11:03

Op redens lâns 7 doarpen fan Idaerderadiel !!

Yn earsten soe de tocht fan 12 oant 17 oere duorje, mar troch in "fersin" stie yn de krante,

dat  jo al om 10 oere yn skriuwe koene. Dus ek de earste riiders wiene goed 10 oere al yn Eagum & Idaerd.

De "koek en sopie" Idaerd wie krekt op stoom, doe't de kofje en poeiermolke

hast net mear oan te slepen wiene. Allegearre minksen, fleurig en optein bleaunen efkes hingjen.

Self wie ik om 11:00 oere hinne efkes yn Eagum, doe't in frou my der fertelde dat se in

lekkere grutte gehaktbal iten hie yn Idaerd. En op de werom reis soe se wis en seker noch ris del ride.

Eagum20120210

Ik liuw dat de gehaktbollen it oer it iis ferspraat binne want der wiene mannich dy't by de stimpelpost

freegen kinne we hjir de gehaktballen krije? En net allinne dy mar ek de cake fan Akke,

gong as in rinnend fjoerke. De cake "uit grootmoederstijd" foel yn de smaak.

Ik wit net krekt hoefolle liters poeiermolke , thee, kofje, BB, fris der troch gong binne.

Wol wit ik dat Yde en Janneke, elk in kear nei de winkel moasten om nij guod.

 

De riiders kamen oeral wei, út de omjouwing,mar ek Nijmegen, Rotterdammers, Slappeterp,Iijsselstijn en de westerein.

Sammar in pear misken sprutsen út dy regionen. 

En hoe folle dan? As ik myn tomme liuwe mei (roege skatting). In lytse 3236 ( wer fan in diel swart riiders).   

Idaerd20120210_3

Ik tink dan ek dat "vriendenkring" mar ek PB tige bliid wie mei dit barren.

Tank gjit dan ek út nei al dy frijwilligers dy't it moglik makke hawwe, de organisaasje en de riiders.

Ik kin wol werris !

 

Bedankt!

Groetnis,

Frederik van Dijk

Foto's: ca. 100 (berdt van Oers en ûndertekene), stean yn it menu, by winter 2011-2012

 

Afstand: ca. 40 km


Startplaats : Grou, Wergea, Warten, Reduzum

Datum : 10 Feb 2012

Organisaasjetoertocht: IJswegencentrale fan Idaarderadeel

Laatst aangepast ( zondag, 12 februari 2012 10:02 )
 
Casino it Lokaal PDF Afdrukken E-mail
  
woensdag, 08 februari 2012 10:03

 

 

 

 

Wa hat der in "Pokerface"? 

 

 

 

 

 

Wa wint de Jackpot ?

Kom Sneon 18 febrewaris nei it lokaal en belibje hoe't it yn in casino der oan ta giet. Allinne yn Royaal yn 't Lokaal wit jo wer as jo oan ta binne. It ferlies kin net heger wêze dan de yntree. Mar de winst kin op rinne rjochting 1000%.

Yntree €2,-  Jo krije der foar in hân fol fisjes.

Der mei kinne jo û.o. Pokerje (2 typen), Blackjack spylje, gelok sykje oan de Roulettetafel(s), casino-Rummicub.

Op it ein fan de jûn telle wy wa as de measte fisje oer hat en dy persoan wint de jackpot. De nummers 2 & 3 krije ek in diel fan de winst.  Hoe mear minsken hoe heger de Jackpot.

Sneon 18 feb 2012 om 20:18 oere !! 

Dus net stinne, der hinne en winne !!

Laatst aangepast ( woensdag, 08 februari 2012 12:22 )
 
<< Start < Vorige 1 2 Volgende > Einde >>

Pagina 1 van 2

Tink der om !

19 maaie is de jierdei fan Mirte Ruardia.


Twitter Berjochten

Soundguard
Voor licht en geluid bij toneel en cabaret.